Boek mei skiednis Mariatsjerke

(Foto: ruimgeloven.nl)
Der is in nij boek ferskynd oer de Mariatsjerke yn Mantgum. It boek beskriuwt de skiednis fan de tsjerke, dy't om 1500 hinne boud waard op it fûnemint fan in besteande tsjerke. Dêrby waarden ek de âlde kleastermoppen brûkt.
It boek waard sneon presintearre yn de tsjerke sels. Yn 1990 ferskynde der ek al in boek oer de Mantgumer tsjerke. Mei de ferkeap waard doe in diel fan de restauraasje betelle.