Prolooch Solar Challenge

It keuren fan de boaten (Foto: organisaasje)
De dielnimmers oan de Frisian Solar Challenge komme snein foar it earst yn aksje. Se farre in tocht fan tsien kilometer troch Ljouwert wêrby't se oantoane moatte dat se de minimumsnelheid helje kinne. Oanslutend is der in sprintwedstryd yn in Ljouwerter grêft.
De prizen fan de sprintwedstryd wurde útrikt troch de Jordaanske prins Asem Bin Al Nayef. Moandei begjinne de sinneboaten oan har tocht lâns de alve stêden.