Hege VVD-ûnderskieding útrikt

03 jul 2010 - 15:51

De eardere wethâlder fan Weststellingwerf, Wim Plekkenpol, hat in hege ûnderskieding fan syn partij de VVD krigen. It giet om de meester D.U. Stikker-plakette. Dy wurdt útrikt oan minsken dy't har lange tiid op bysûndere wize ynset hawwe foar de VVD.

Plekkenpol wie tolve jier wethâlder yn Weststellingwerf, acht jier riedslid en fraksjefoarsitter en acht jier foarsitter fan de VVD-ôfdieling Weststellingwerf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)