'Earder rêdingshûnen ynsette'

03 jul 2010 - 15:19

De plysje moat earder rêdingshûnen ynskeakelje by fermissings. Faak bart dat te let en dan is it slachtoffer al ferstoarn. Dat seit Martine Dietz fan de rêdingsbrigade. Sneon oefene de brigade op de sloopresten fan de NHL yn Ljouwert.

De hûnen komme faak yn aksje by fermissings, lykas earder dit jier yn Lauwerseach dêr't in Drachtster spoarleas wie. Doe hat de plysje in berop dien op de rêdingshûnen mar dat moat tenei earder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)