Bedrige mei honkbalkneppel

In man en frou út Wolvegea binne freedtenacht oppakt omdat se in stel út Noardwâlde bedrige hawwe mei in honkbalkneppel. De Wolvegeasters en Noardwâldsters hawwe in konflikt mei inoar.
De 41-jierrige man en frou út Wolvegea binne oppakt en meinaam nei it buro. De plysje moast pepperspray brûke om de man ûnder kontrôle te krijen. Yn de auto hiene se noch stokken. Dy hat de plysje ynnaam.