Warskôging foar wettersporters
Yn de rin fan sneontemiddei wurde yn Fryslân in tal flinke buien mei tonger en hagel ferwachte. Dêr kinne ek wynstjitten yn sitte.
In warskôging dêrom fan waarman Piet Paulusma foar de wettersporters. As de buien losbrekke kin it gefaarlik wêze op it wetter.