Legionellachip erkend
De chip dy't it Ljouwerter bedriuw Legyon betocht hat mei tenei brûkt wurde foar it opspoaren fan legionella. Dat hat minister Huizinga fan FROM bepaald. De chip is opnaam yn it drinkwetterbeslút en dêrmei rjochtsjildich.
Mei de chip kin yn fjouwer oeren tiid bepaald wurde oft der legionella yn it wetter sit. Oant no ta moast dêrfoar wetter op kweek set wurde en dat duorret in oantal dagen.