Cambuur wint mei 5-1

02 jul 2010 - 21:52

Sportclub Cambuur hat freedtejûn yn Koarnjum de earste oefenwedstriid fan dit seizoen mei 5-1 wûn. DTD wie tradisjoneel de earste tsjinstanner fan de Ljouwerters. By it skoft wie de stân 3-1 troch goals fan Serhat Koç, Dave Huymans en Mark de Vries. Foar DTD skoarde Peter Jan Schuts.

Yn de twadde helte wiksele trainer Stanley Menzo sân kear. Sandor van der Heide en Bob Schepers soargen foar de 5-1 einstân. Sneon spilet Cambuur tsjin in regio-team yn Nijlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)