Grut feest nei winst Oranje
Op in protte plakken yn Fryslân is de oerwinning fan it Nederlânsk alvetal op Brazilië op it WK yn Súd-Afrika fierd. Hûnderten minsken hiene frij naam fan it wurk om de wedstriid te besjen yn de kroech en op it terras. Sa as yn Ljouwert. Nei de 2-1 oerwinning bruts der in spontaan folksfeest út.
Yn Snits by de Kolk sprongen fans yn it wetter by de Wetterpoarte om ôf te kuoljen fan de wedstriidspanning.
Trefwurden:
argyf