Op terras WK-fuotbal sjen

02 jul 2010 - 16:34

De WK-fuotbalwedstriid Nederlân-Brazilië en it tige waarme waar soargje foar topdrokte yn it sintrum fan Ljouwert. De terrassen sitte fol en in soad minsken hawwe oranje klean oan.

Op it Mata Hariplein by De Harmonie stiet in skerm opsteld dêr't minsken de WK-wedstriid yn Súd-Afrika op folgje kinne. De GGD hat bekend makke dat it net goed is in protte bier te drinken mei de waarmte. Dat komt dûbeld sa hurd oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)