Folleyballers nei B-league

© Omrop Fryslân
Follybalklup Ljouwert spilet takom seizoen yn de B-league, it ien nei heechste nivo fan Nederlân. De klup hat freedtemiddei ja sein tsjin it fersyk fan it follybalbûn.
De klup is ferline wike troch de NeVoBo benadere om yn 'e B-league út te kommen, omdat Abcoude him weromlutsen hat. Trainer Jouke Benus hat yn koarte tiid nije spylsters oanlutsen om mei in represintatyf team de útdaging fan de B-league oan te gean.