Gokkasten leechhelle yn kafee

02 jul 2010 - 11:18

Ynbrekkers hawwe gokkasten iepenbrutsen en leechhelle yn in kafee op 'e Westereen. Om healwei fiven krige de plysje in melding fan ynbraak yn it kafee oan de Noarderstasjonsstrjitte. Doe't de plysje oankaam wiene de ynbrekkers al fuort.

De ynbrekkers binne it kafee ynkaam troch in rút iepen te brekken.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)