Fryske fysio by Ned-Brazilië

© Omrop Fryslân
De measte Friezen sjogge it WK-fuotbalduel Nederlân-Brazilië op televyzje, mar guon sitte yn Súd-Afrika sels. Ien fan harren is fysioterapeut Allert Pol fan Bûtenpost. Yn it ferline hie Pol ek Oranjespiler Klaas Jan Huntelaar ûnder behanneling.
De wedstriid is freedtemiddei om fjouwer oere. Yn it sintrum fan It Hearrenfean stiet in grut skerm fan fjirtich fjouwerkante meter. By winst komt Nederlân yn de heale finale.