Frou slacht man om hûn

In 29-jierrige frou fan It Hearrenfean is oanhâlden foar mishanneling fan in man (54) út Reahel. Hy rûn mei de hûn op de Tormentil op It Hearrenfean dêr't de frou har hûnen ek útliet.
Ien fan 'e hûnen fan 'e frou biet de hûn fan 'e man. De man besocht de hûn te ferjeien troch mei syn tas te swaaien. De tas rekke de hûn. Dêrop sloech de frou de man fan achteren. Troch de klap foel er en rekke er ferwûne. De man koe de plysje in goed sinjalemint jaan. Se is oanhâlden.