ICT-kosten fúzje: 1,8 miljoen

02 jul 2010 - 10:26

De fiif gemeenten yn de Súdwesthoeke dy't op 1 jannewaris de lapen gearsmite, binne 1,8 miljoen euro kwyt oan kosten foar ICT. Dat bedrach moatte de gemeenten earst sels foarsjitte. Pas as de nije gemeente der is, betellet it Ryk de 18 miljoen euro fúzjekosten.

It jild foar ICT wurdt bestege oan personiel, opliedings en it oanpassen fan gebouwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)