Himp tusken de mais

Trije himpkwekerijen binne dizze wike ûntromme. In boer yn Steggerda ûntduts himpplanten yn syn maisfjild. Wa't de planten der delset hat, is ûnbekend. De oare kwekerij siet oan de Weerd yn Ljouwert. Dêr binne ek in auto en in grut jildbedrach yn beslach naam. Trije Fiëtnamezen binne oppakt fanwege de saak.
De tredde himpplantaazje wie yn in hok achter in wenhûs yn De Knipe. De plysje krige dêr in anonime tip oer. De bewenner moat noch heard wurde.