Swimbad Blomketerp te keap

© Omrop Fryslân
It swimbad fan Frjentsjer sil ferkocht wurde. De gemeenteried fan Frjentsjerteradiel hat dat juster mei in krappe mearderheid besletten. Nei in felle diskusje stimden 10 riedsleden foar sluting, 9 stimden tsjin. As swimbad Blomketerp net ferkocht wurdt giet it ticht.
Frjentsjerteradiel wol de kommende jierren 1,8 miljoen euro besunigje, it bad kostet de gemeente jierliks 300 tûzen euro.