Lotting KNVB-beker

Sneonstopklasser Harkemase Boys nimt it yn de twadde ronde fan de KNVB-beker op tsjin sneinstopklasser Hollandia. Haadklasser Snits Wyt Swart moat de striid oangean mei sneonstopklasser Capelle. De beide Fryske ploegen spylje in útwedstriid op woansdei 25 augustus.
By winst spilet Harkemase Boys ein septimber yn de tredde ronde in thúswedstriid tsjin Volendam. Snits Wyt Swart soe by winst op it eigen fjild tsjin FC Twente spylje.