Famke fêstbûn: wurkstraffen

Tsjin fiif Ternaarders binne foar de rjochtbank yn Ljouwert wurkstraffen fan 100 en 140 oeren easke. Se wurde beskuldige fan frijheidsberôving fan in famke fan fyftjin jier. It barde op in sneintemiddei yn in jeugdhonk yn it doarp.
De jonges wiene sûnder tafersjoch en seagen in pornofilm. Dêrnei spilen se in sêne nei en bespuiten se it famke mei slachrjemme. Sels neame de jonges it in grap dy't út 'e hân rûn is. Justysje tinkt der oars oer.