Darryl Monroe ferlit Aris

01 jul 2010 - 16:31

Basketballer Darryl Monroe ferlit Aris en spilet takom seizoen yn Frankryk. De center stapt oer nei Boulogne, dat útkomt yn de Pro B. Dat is it op ien nei heechste nivo yn Frankryk.

By Aris wiene se der al fan útgien dat Monroe fuort soe. 'Qua salaris zouden we hem sowieso niet kunnen behouden', seit manager Gert Schurer. De Ljouwerter basketbalklup is op dit stuit dwaande mei fersterkings foar takom seizoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)