Smook- en stookferbod

01 jul 2010 - 14:34

Yn 'e bosken fan Opsterlân en East- en Weststellingwerf mei fan freed ôf net mear smookt en/of stookt wurde. It ferbod jildt boppedat foar heide- en feangrûnen. It beslút is nei oerlis mei de brânwacht naam yn ferbân mei de oanhâldende droechte.

Njonken it ferbod op smoken binne kampfjoeren en barbecues yn bosken en yn heide- en feangebieten yn 'e trije gemeentes ek net mear tastien.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)