Waarmte: ekstra rit kadavers

01 jul 2010 - 13:39

Kadaverferwurkjend bedriuw Rendac yn Sumar by Burgum rydt sneon ekstra om deade bisten op te heljen. Dat bart fanwege de waarmte. Gewoanwei wurde kadavers dy't freed oanmelden wurde, op moandei ophelle. Mar fanwege it tige waarme waar, rydt Rendac no ek op sneon.

Kadavers fan lytsfee lykas lammen en hinnen wurde wol takom moandei ophelle.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)