Nije brede skoalle De Jouwer

01 jul 2010 - 12:27

De Jouwer krijt in brede skoalle, sa hat de gemeenteried fan Skarsterlân besletten. De nije skoalle komt te stean oan 'e Julianaleane en der komme trije skoallen yn. Fierders is der ek plak foar in wolwêzensorganisaasje en de berne-opfang. Underwiisgroep Primus is ferantwurdlik foar twa iepenbiere basisskoallen dy't aanst ien skoalle wurde yn it nije ûnderkommen. De âlde skoalgebouwen wiene ferâldere. De nije brede skoalle kostet acht miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)