Simmeriis Thialf teit fuort

01 jul 2010 - 12:18

De hege temperatuer soarget foar problemen foar iisstadion Thialf op it Hearrenfean. Dêr leit op dit stuit wer simmeriis, mar fanwege de waarmte kinne de iismasines it amper mear oan.

Om de masines te beskermjen wurde se freedtemiddei om tolve oere útset. It iisstadion is fan dat momint ôf sletten. Nei alle gedachten kin der sneon wer riden wurde, mar dan moat de temperatuer wol wat sakke wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)