Rekôrtal swimbadsjes ferkocht

De wetterpistoalen fleane ek ta de winkels út
Boartersguodymporteur Van der Meulen yn Snits hat baat by it simmerwaar. Noch nea yn it 130-jierrich bestean binne der safolle swimbaden op ien dei ferkocht as woansdei.
It waarme waar en de ferwachting dat it noch hiter wurdt, soarget foar topdrokte. Tsien frachtweinen deis fol swimbaden, wetterpistoalen en oar guod gean alle dagen it lân yn. De frachtweinen bringe it guod nei winkels yn hiel Nederlân oant yn België ta.