Provinsje hifket begrutting

01 jul 2010 - 10:48

Deputearre Galema sil nochris yngeand de nije begrutting foar 2011 besjen. De provinsje moat 22 miljoen euro besunigje fanwege minder ryksjild. Dat soe diels opfongen wurde kinne mei de 10 miljoen dy't dit jier oerbliuwt. Mar de mearderheid fan provinsjale steaten wol dat net. Dat is net de manier om tekoarten oan te foljen, fine de steateleden.

Projekten dy't jild tasein krige hawwe, mar dy't noch net útfierd binne, gean miskien net troch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)