Damwâld: frou op fyts ferwûne

01 jul 2010 - 09:57

In 63-jierrige frou út Damwâld is woansdei ferwûne rekke neidat se ynienen fol yn 'e remmen moast foar in auto. De frou fytste op 'e Foarwei doe't der in auto oankaam. Se remme fûl, mar slipte en foel op 'e dyk.

It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs oerbrocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)