Golf trochriden nei botsing

De plysje siket de bestjoerder fan in reade VW Golf dy't tiisdei belutsen wie by in ûngelok yn Droegeham. Om healwei fiven middeis rekke de auto midden op 'e Lândyk ridendewei de hiele sydkant fan in oare auto. De wein fan 'e 22-jierrige man út Kollumersweach hie dêrtroch skea oer de hiele linkerkant.
De reade golf ried troch. Dy auto moat ek skea hawwe. De bestjoerder is in man mei in petsje op. Tsjûgen of oaren dy't mear witte, kinne de plysje belje.