Suvelkonsern slút ôfdieling

01 jul 2010 - 09:45

Suvelkonsern FrieslandCampina slút takom jier de ôfdieling ferpakking kofjemolke yn Ljouwert. Foar de measten fan 'e goed santich meiwurkers is yntern oar wurk fûn. Mei alve wurknimmers wurdt noch praat. Nei alle gedachten kinne sy ek yn in oare funksje oan de slach by it bedriuw.

De kofjemolke wurdt tenei ferpakt yn 'e Belgyske fêstigings fan it konsern. FrieslandCampina is dwaande de produksje te herferdielen oer Nederlân, België en Dútslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)