Sâltwinning mooglik tichterby

30 jun 2010 - 22:59

Sâltwinning yn Slappeterp kin wolris tichterby komme, nei it grutte oaljelek yn de Golf fan Meksiko. De polityk wurdt no benaud foar risiko's fan sâltwinning ûnder de Waadsee. Dat sei de ûnôfhinklike saakkundige Adriaan Houtenbosch woansdeitejûn op in ynformaasjejûn oer de sâltwinning yn Slappeterp.

De gearkomste waard hâlden om de bewenners fan it doarp foarljochting te jaan oer de plannen fan Frisia yn Harns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)