Wojciechowski nei Willem II

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean-oanfaller Pawel Wojciechowski spilet takom seizoen foar Willem II. It kontrakt fan de jonge Poalske oanfaller rûn oan de ein fan ferline seizoen ôf. Hearrenfean hat him doe in nij twajierrich kontrakt oanbean om him dêrnei foar ien seizoen te ferhieren oan FC Emmen. Dat woe Wojciechowski net.
Tongersdei hat de oanfaller in petear mei technysk direkteur Henry van der Vegt. Wojciechowski kin in kontrakt tekenje foar twa jier by de Tricolores.