Lêsprojekt wurket goed
It lêsprojekt PAL, foar bern fan it basisûnderwiis, wurket boppe ferwachting goed. PAL stiet foar 'Preventieve Aanpak Leesproblemen' en is troch de ûnderwiisbegeliedingsorganisaasje CEDIN betocht.
Fiifentweintich skoallen hawwe oan it projekt meidien. Ut de sifers docht bliken dat de bern faker en entûsjaster nei in boek gripe en folle heger skoare wat it lêzen oanbelanget.
Trefwurden:
argyf