Afvaloven nee.nl is hacked

De website fan 'e Stichting Afvaloven Nee is hacked. Der is troch ûnbekenden ynbrutsen op de site. Berjochten binne trochinoar helle en titels feroare. Ek is der in firus ynstallearre.
Minsken dy't de site krekt foar it wykein besocht hawwe, kinne dat firus no op harren kompjûter skipe hawwe. Afvaloven Nee hat yntusken de site út de loft helle en besiket sa gau mooglik alles wer te herstellen. De stifting oerwaget oanjifte te dwaan.