Man komt om by bedriuwsûngelok

30 jun 2010 - 15:45

By in bedriuwsûngelok yn 'e Eemshaven yn Grinslân is in man (49) út Nij Beets om it libben kaam. In man (24) út Drachten is by itselde ûngelok swier ferwûne rekke. De twa wiene dwaande in damwandkonstruksje te pleatsen. De man út Nij Beets krige de izeren konstruksje op syn boppeliif.

Hy is op it plak fan it ûngelok ferstoarn. Syn kollega krige de konstruksje op syn ûnderlichem. Hy is yn kritike tastân nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)