'Skoallen tariede op krimp'

Ronald te Loo fan Organise2Learn
Skoalbestjoeren binne fierstente optimistysk oer de takomst. In soad skoallen sette yn op mear learlingen, wylst dat der mei in krimpende befolking yn in soad gefallen net yn sit. Dat stiet yn in rapport fan Organise2Learn, in organisaasje dy't skoallen begeliedt en helpt by it ferbetterjen fan de bedriuwsfiering.
Ronald te Loo fan Organise2Learn fynt dat skoallen harren tariede moatte op de krimp mei as doel om it ûnderwiisoanbod oerein te hâlden.