1600 sinnepanielen op wenten
Wenninkorporaasje WoonFriesland set stevich yn op sinne-enerzjy. De korporaasje set dit jier 1600 sinnepanielen op syn gebouwen. It giet om 24 appartemintekompleksen, dy't rûnom yn Fryslân stean.
Noch net earder die in ynstelling yn Noard-Nederlân sa'n grutte ynvestearring yn sinne-enerzjy. It kin noch wol in pear wike duorje foardat de panielen pleatst wurde, want op guon ûnderdielen sit in lange levertiid.
Trefwurden:
argyf