Boersma's Bakkerij is fallyt

Boersma's Bakkerij yn Haulerwyk is fallyt ferkleare. Troch it fallisemint steane 24 minsken op strijtte. De eigners hawwe it fallisemint sels oanfrege omdat de winkels yn De Like en Nieuw-Roden mei ferlies draaiden.
De ferliezen koene net kompensearre wurde troch de wol goed draaiende winkels yn Appelskea en Haulerwyk en de eigen bakkerij. De skulden binne oprûn oant 1 miljoen euro, mar dat komt ek om't dêr eigen gebouwen by hearre.