Frou ferwûne by auto-ûngelok
In frou út Ljouwert is tiisdeitejûn yn it sikehûs opnaam, neidat se op de Oldegalileeën mei har auto tsjin dy fan in plakgenoat riden wie. Dy twadde auto, dy't ek bestjoerd waard troch in Ljouwerter, kaam achterút út de Woudstraat.
De frou rûn troch de botsing klachten oan de nekke op.