Undersyk nei brân yn Snits

De plysje is dwaande mei in ûndersyk nei in brânstifting yn Snits fan it ôfrûne wykein. Sneintemoarn waard in konifearehage oan de Lisdodde yn brân stutsen. Omdat it fjoer hiel hurd grutter waard, waarden omwenjenden út foarsoarch út harren huzen helle. Doe't de brânwacht derby kaam wie it fjoer gau ûnder kontrôle.
De plysje siket no tsjûgen dy't sjoen hawwe wa't de konifearen yn brân stutsen ha.