Plysje grypt yn by race op A32

Twa manlju dy't op de A32 tusken Wolvegea en It Hearrenfean tsjin inoar oan it racen wiene, moasten tiisdeitejûn harren rydbewiis ynleverje. De plysje seach dat in 26-jierrige automobilist út Ljouwert en in 27-jierrige motorrider út Ouddorp mei hege snelheid neist inoar riden.
De snelheid rûn op oant mear as 200 kilometer de oere. By It Hearrenfean wist de plysje de beide hurdriders oan de kant te setten.