Stekpartij op 'e Weaze
In man út Goutum is tiisdeitenacht ferwûne rekke by in stekpartij op de Weaze yn Ljouwert. Neffens tsjûgen soe de 31-jierrige man fytsen yn 'e grêft smiten hawwe en doe spul krigen hawwe mei in groepke manlju.
Dêrby soe er stutsen wêze mei in mes. De Goutumer is mei ferskate ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.