Ljouwert komt mei wurkprojekt

De gemeente Ljouwert komt mei in nij inisjatyf om minsken mei in subsidiearde baan oan in echte baan te helpen, sadat se net mear ôfhinklik binne fan in útkearing. It giet om 300 minsken dy't troch in beheining of wat oars al hiel lang wurkleas binne. Se kinne maksimaal twa jier gebrûk meitsje fan dizze regeling.
Dy bestiet út in baan mei behâld fan in útkearing en in talage fan 1500 euro yn 't jier. Mar se moatte it mei folle minder begelieding dwaan.