Súdwest Fryslân wint stimmerij

29 jun 2010 - 22:37

De nije fúzjegemeente yn de Súdwesthoeke komt nei alle gedachten Súdwest Fryslân te hiten. Tiisdei stimden fjouwer fan de fiif gemeenten foar dy namme. Allinnich Snits hat in ôfwikende miening en wol ek Sneek yn de namme ha.

By de gemeenteriedsferkiezings op 24 novimber kinne boargers harren foarkar útsprekke as se in nije gemeenteried kieze. Boargemaster Hayo Apotheker fynt it spitich dat de oare gemeenten net foar Snits yn de namme kieze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)