Soad âlderen ite te min

29 jun 2010 - 16:27

Fersoargers yn it Teatskehûs yn Blauhûs gean by âlderein del om mei in fragelist nei te gean oft se wol genôch ite. Sa wolle se ûnderfieding yn alle gefallen yn 'e fersoargingshuzen fan Tellens sinjalearje, behannelje en foarkomme. Ien op de fjouwer âlderen yt te min. Dat hawwe ferskate ûndersiken útwiisd. De minsken gean stadichoan achterút en dat kin liede ta klachten en sykten. Fersoargers krije ynstruksjes om dêr goed mei om te gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)