Biblioteek: behâld lytse byb's

De biblioteek Súdwest-Fryslân docht alle war de lytse byb's yn de gemeente Littenseradiel te behâlden. Lytse byb's binne útlienpunten yn skoallen. De gemeente Littenseradiel wol dêr struktureel 30.000 euro op besunigje en dat giet ten koste fan de acht útlienpunten.
De ôfrûne moannen is in hantekenaksje foar de biblioteekfoarsjenning holden. Takom wike folget noch in petear mei de gemeente. Littenseradiel wol mei-inoar 1,2 miljoen euro besunigje.