Protest medysk spesjalisten

Foto: Omrop Fryslân
In groep fan fjirtich medysk spesjalisten út Fryslân giet tongersdei nei Den Haach. Se sille dêr protestearje tsjin de plannen fan it regear. Dy wol dat de spesjalisten minder salaris krije. Dat soe guon finansjeel de kop kostje, sa is de krityk fan 'e medisy.
Minister Klink seit dat de lêste twa jier 700 miljoen euro tefolle betelle is oan 'e spesjalisten. Der wurde tongersdei sa'n tûzen medysk spesjalisten yn Den Haach ferwachte.