Jonge (17) bekent oanranding

De plysje hat heal juny in jonge fan santjin jier út It Hearrenfean oanhâlden. Hy wurdt derfan fertocht op 17 juny by it Nannewiid in 21-jierrige frou út Grins oanrand te hawwen. De frou wie oan it hurdrinnen doe't se fêstpakt waard troch de jonge. Se fersette har bot en koe fuortkomme.
Oan 'e hân fan in sinjalemint herkende in tsjûge de oanrander en dy is in dei letter oanhâlden. De jonge Feanster hat in bekentenis ôflein.