GrienLinks wol kultuermakeler

De gemeenteriedsfraksje fan GrienLinks yn Smellingerlân wol in kultuermakeler. Dy moat keunst en kultuer befoarderje troch ynstellings yn 'e kultuersektor en dêrbûten mear mei elkoar gearwurkje te litten.
B en W Smellingerlân hawwe ek al plannen om in projektlieder graffity oan te stellen. Dy moat opdrachten foar graffityspuiters sykje om oerlêst te ferminderjen. GrienLinks fynt dat in miste kâns en tinkt dat it better om is in kultuermakeler oan te stellen.