Wâldwei ticht nei ûngelok
De Wâldwei is moandeitejûn diels ôfsletten nei in ûngelok dêr't ferskate auto's by belutsen wiene. Ferskate minsken rekken dêrby mooglik ferwûne. Ien auto soe yn 'e sleat rekke wêze.
It ûngelok wie yn de rjochting fan Drachten nei Ljouwert. De Wâldwei gie by de ôfslach Garyp ticht foar it ferkear.