Blau-alch yn Hearrenfean
Yn de gemeente Hearrenfean is op ferskate plakken blau-alch yn it wetter fûn. It giet om de lytse ynstekhavens oan de Warring en It Foardek, de passantehaven yn de wenwyk Nijehaske, de Feanskieding en de Van Engelenfeart.
De gemeente hat warskôgingsbuordsjes delset. Blau-alch kin skealik wêze as minsken de alch binnenkrije.